Mooglik nij AZC Dokkum

29 jan 2010 - 06:55

Der komt mooglik in permanint asylsikerssintrum by Dokkum. De gemeente Dongeradiel en opfangorganisaasje COA dogge ûndersyk nei de komst fan in nij AZC. Der soene 400 oant 450 minsken wenje kinne. It eardere AZC gie ferline jier ticht. Dat hat trettjin jier iepen west.

Fan de riedsfraksjes is allinnich de VVD tsjin in nij AZC, sa die tongersdeitejûn bliken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)