Studinten ûntwerpe stâlen

28 jan 2010 - 21:18
  • De studinten ha har eigen ideale stâl ûntworpen

In grutte groep studinten fan ûnder oare it AOC, de NHL, it Van Hall en de Universiteit Wageningen hawwe de ôfrûne moannen drok dwaande west mei it ûntwerpen fan in boerestâl.

Tongersdei presentearren se harren plannen op de twadde Stâlboubeurs yn Ljouwert. Bysûnder is dizze kear dat studinten fan ferskate nivo's gearwurken oan de ûntwerpen. Elke groep moast mei twa plannen komme: ien yn opdracht fan in boer en ien dy't se sels hielendal betinke mochten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)