MFC Dronryp komt der net

De wenningkorporaasje lûkt him werom út it projekt
WoonFriesland docht net mear mei oan de bou fan it Multyfunksjoneel Sintrum yn Dronryp. De wenningstichting hat jildkrapte. De earste peal soe dizze hjerst de grûn yn, mar no't de wenningstichting net meidocht stiet de nijbou faai.
Yn it multyfunksjoneel sintrum op it âlde fabryksterrein Kúkshiem soe ûnder oaren berne-opfang komme. De organisaasje Palet is bot teloarsteld. Ek soene der apparteminten foar demintearenden en senioarewenten komme.