Twa gemeentehuzen SWH ticht

It gemeentehûs yn Wytmarsum giet ticht foar de boargers
It gemeentehûs fan Wûnseradiel yn Wytmarsum en dat fan Wymbritseradiel yn Drylts geane ticht foar it publyk. Dat is it gefolch fan de fúzje fan de fiif gemeenten yn de Súdwesthoeke.
Op 1 jannewaris 2011 wurde de fiif gemeenten yn de Súdwesthoeke ien. Fan alle gemeentekantoaren bliuwe trije iepen foar it publyk. Dat binne dy fan Snits, Boalsert en Warkum. It wurde saneamde klantekontaktsintra dêr't je noch wol terjochte kinne foar paspoart of rydbewiis.