De Vries net tsjin Eindhoven

© Omrop Fryslân
Sportklup_Cambuur-oanfaller Mark de Vries moat ek de wedstriid tsjin Eindhoven oan him foarby gean litte. Hy hat noch altyd lêst fan in blessuere oan it kût. Hy wurdt mooglik ferfongen troch Kevin Diaz. Yn dat gefal sil Cambuur mei twa oanfallers spylje. Reza Ghoochannejhad is dan de oare spits.
Nije oanwinst Geoffrey Meye is noch net ynsetber. Om't Haarlem offisjeel noch net fallyt is, mei hy noch net foar Cambuur spylje.