N361 net ôfsletten

28 jan 2010 - 13:35

De N361 troch de doarpen Oentsjerk, Gytstjerk en Rypstsjerk wurdt dizze simmer net ôfsletten as dy op 'e skeppe giet. De dyk wurdt oanpast om de ferkearsfeiligens te ferbetterjen en om him minder oantreklik te meitsjen foar trochgeand autoferkear.

It is de bedoeling dat auto's dy't tenei nei Dokkum wolle oer de Sintrale As ride. Yn it gebiet komme wol omliedingsrûtes. It grutste part fan it ferkear wurdt omlaat fia Holwert en Quatrebras.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)