Korps keapet tsjerke

28 jan 2010 - 10:52

Fanfare De Bazuin út Tsjummearum keapet de eardere Grifformearde tsjerke yn it doarp om dy te brûken foar repetysjes en muzyklessen. It gebou dêr't no repetearre wurdt is te lyts wurden foar de 75 leden. Der is tsien jier socht nei in nije oefenromte.

De tsjerke dy't kocht wurdt, sil ferboud wurde om in goeie akoestyk te krijen. It bestjoer fan De Bazuin ferwachtet noch foar de simmer de nije oefenromte yn gebrûk te nimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)