Boargemaster bliuwt op Skier

Tiisdei hat de gemeenteried fan Skiermûntseach unanym besletten om Bert Swart foar de kommende seis jier op 'e nij te beneamen as boargemaster fan it eilân. In fertrouwenskommisje fan de gemeenteried komt mei dy oanbefelling. De kommisje hat advys frege oan de wethâlders en de gemeentesekretaris.
Boargemaster Swart is bliid mei it fertrouwen en wol graach op it eilân bliuwe.