Tsjûgen socht fan glêsynsidint

28 jan 2010 - 09:42

De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling yn Snits. Sneontenacht krige in 30-jierrige Snitser yn in hoarekasaak oan de Kruizebroederstraat in bierglês yn it gesicht drukt. Hy hie spul krigen mei in noch ûnbekende man dy't him op it lêst it glês yn it gesicht sloech.

It slachtoffer moast yn it sikehûs oan syn ferwûnings behannele wurde. De dieder koe noch net oanholden wurde. Tsjûgen kinne har melde by de plysje of fia Meld Misdaad Anoniem.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)