Ungelokken troch glêde autodyk

27 jan 2010 - 16:48

Yn in koart skoftsje tiid ha der woansdeitemiddei sawat tsien oanridings west troch glêde diken. Woansdei om sawat healwei fiven wie der noch neat oan de hân, dêrnei wiene der acht oanridings yn it suden fan de provinsje, foaral op de A32 tusken It Hearrenfean en Stienwyk.

De plysje warskôget om hiel foarsichtich te wêzen. Guon diken lykje gewoan wiet, mar binne fierderop sjippeglêd troch izel. De snie dy't foarsein wie is útbleaun.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)