Oare namme popfestival Snits
It eardere Kaatslandfestival yn Snits krijt in oare namme. Ek wurdt it op in oar plak hâlden. It pop- en jazzfestival sil Cultureel Kwartier Festival hite.
It muzykfeest wurdt dit jier organisearre troch trije partijen út it Kultureel Kwartier: teater Snits, poppoadium it Bolwerk en it Centrum voor de Kunsten. It is foar it earst dat it teater ek meidocht.