Friezen yn Amsterdam-Dakar

Twa bruorren út Sigerswâld dogge mei oan de Amsterdam-Dakar Challenge. Se dogge mei oan de saneamde barrelrally. Mei in Trabant dy't se folslein reviseard ha, wolle se de tocht ride. Se ha in tropefilter yn de auto boud en sille ferskate reserve-ûnderdielen meinimme.
Doel is jild op te heljen foar in skoalle yn Senegal. Nije wike sneon geane se fuort. As alles neffens plan ferrint, binne se trije wiken letter yn Dakar.