Slachtoffers oarloch betocht

It is woansdei 65 jier lyn dat kamp Auschwitz befrijd waard. Om dat te betinken wurde alle 102.000 nammen fan Nederlânske Joaden, Roma en Sinti dy't yn it kamp deamakke binne oplêzen. Dêr is sneon mei begûn.
Yn kamp Westerbork lêze skoalbern ek nammen foar. Ek fjouwer learlingen fan de iepenbiere basisskoalle De Wester út Ljouwert dienen mei. Op skoalle seach groep 8 fia ynternet mei.