Genietsje fan kokosfabryk

De markante 'cocos'fabryk yn Harns giet tsjin de flakte. De gemeente hat de sloopfergunning binnen. Mar mocht ien in idee foar it gebou ha, dan wol de gemeente dat graach witte. It fabryk is oait delset troch Dútsers. Koartlyn is it brûkt foar opnames foar de film 'De Hel van 63'. It gebou hat emosjonele wearde foar Harnzers.
De gemeente is fernuvere dat der gjin beswier tsjin de sloopfergunning makke is. As der gjin alternatyf plan komt, komme der kantoaren en huzen.