Direkteur Pax ferstoarn

Piet_Plantinga, direkteur fan transportberdriuw Pax út Ljouwert is tiisdeitenacht ûnferwachts ferstoarn. Dat stiet op de webside fan fuotbalklup Cambuur. Plantinga wie jierrenlang nau belutsen by Cambuur, hy sponsore de klup.
De Pax Groep is in famyljebedriuw, Plantinga hat dat útboud ta ien fan de grutste transportbedriuwen fan Nederlân, mei in haadfestiging yn Ljouwert.