Sjauffeur jaget dieven fuort

27 jan 2010 - 09:54

In sjauffeur (46) fan Drachten dy't yn syn frachtwein te sliepen lei, hat in ynbraak op yndustryterrein de Hemmen foarkaam. De man waard om trije oere nachts wekker troch frjemde lûden.

De sjauffeur seach dat de doar fan syn frachtwein troch twa mannen iepenbrutsen waard. Dêrop smiet er in termoskan nei de twa mannen. Ien fan har waard rekke en doe naaiden se beide út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)