Mei bommen oefenje op Flyhors

Op de Vliehors Range op Flylân wurdt nije wike oefene mei it falle litten fan bommen. Der wurde nei ferwachting 16 fiifhûndert ponders ôfgoaid. By de trainingsflechten wurde mobile mjitposten oprjochte dy't de waarsomstannichheden en lûdsbelesting hieltyd yn de gaten hâlde sille.
It terrein fan de Flyhors is ûnder de oefening ôfsletten foar publyk. De oefening duorret fan moandei oant en mei freed.