Fryske silers op dreef

27 jan 2010 - 09:14
  • Brechtje van der Werf

De Fryske silers yn de Nederlânske Olympyske kearnploech ha tiisdei goed syld by de wrâldbekerwedstriden yn Biscaine Bay by Miami.

Marit Bouwmeester stiet nei trije races twadde yn de Laser Radial. Brechtje van der Werf is mei har teamgenoaten Groeneveld en Bes tredde wurden yn in har groep by it matchracen. Se ha har dêrmei pleatst foar de herkânsingspûl. As se dêr by de bêste twa einigje, kinne se noch meidwaan oan de kwartfinales.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)