Brân yn hynstestâl Boarnwert

Yn in hynstestâl oan de Betterwird by Boarnwert hat woansdeitemoarn brân west. De brânwacht wie gau te plak en hie de brân gau ûnder kontrôle. Tolve hynders binne oan de dea ûntkaam.
Hynders dy't ticht by de brân stiene wurde neisjoen troch in fee-arts. Se ha lêst fan stress. De brân waard op tiid ûntdutsen fanwege in kamera dy't de befalling fan in merje folge moast. Yn de hynstestâl sit asbest. Dat moat opromme wurde. Der is gjin gefaar foar de folkssûnens.