Skier wol nije kwelder

De fjoertoer fan Skiermûntseach © ANP
Op Skiermûntseach komt dizze maitiid in ûndersyk nei de helberens fan in nije kwelder tusken de jachthaven en de feardaam. Dy nije kwelder kin makke wurde mei slib dat frijkomt by it baggerjen fan de jachthaven. De gemeente hopet yn septimber in foarstel hjiroer foar te lizzen oan de gemeenteried. Troch in nije kwelder wurdt de oergong fan it Waad nei it eilân ta minder hurd. Fierder is it feiliger om't de dyk dan mear ha kin. Boppedat is it maklik tagonklike natuer foar de gasten op it eilân.