Lyk fûn by Garyp

26 jan 2010 - 22:19

By Garyp is tiisdei oan de ein fan de middei it lyk fûn fan in man. De plysje docht noch ûndersyk nei de fynst, mar slút in misdriuw út. It stoflik omskot waard fûn yn it wetter oan de Stukenwei. Dat is de dyk by de Wâldwei tusken Garyp en Warten.

De plysje hâldt der bot rekken mei dat it om de 66-jierrige Gerard_Bootsma giet. De demintearjende man rûn oardel wike lyn fuort út in opfang yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)