Geoffrey Meye nei Cambuur

Geoffrey Meye
De 27-jierrige ferdigener Geoffrey_Meye fan fuotbalklup Haarlem giet per direkt nei Cambuur. Hy sil op amateurbasis it seizoen yn Ljouwert ôfmeitsje. Haarlem is moandei troch de rjochtbank fallyt ferklearre en dêrtroch moatte de spilers op syk nei oare klups.
Cambuur hie belangstelling foar Michael_Jansen fan Grins, mar dy hat keazen foar Go_Ahead_Eagles.