Beammen fol mei LED-lampen
Alle beammen yn it sintrum fan Ljouwert sille de kommende jierren winterdeis fol LED-lampen hingje. De gemeente wol de feestferljochting fan heal novimber oant febrewaris oanbringe yn sa'n twahûndert beammen yn it winkelgebiet.
Dat is mear as de tweintich beammen fan no. It doel is fansels it oanbringen fan in gesellige sfear yn de stêd en it past ek by de histoaryske binnenstêd fan Ljouwert.