Toppenhuzen wol grien net kwyt

26 jan 2010 - 16:14
  • Douma Staal wol mooglik útwreidzje rjochting Toppenhuzen

Toppenhuzen makket him soargen oer de útwreidingsplannen fan Douma Staal yn Snits. Dat soe te'n koste gean fan it stik grien by it doarp. Foar de útwreiding moat it bestimmingsplan wizige wurde. Sa'n foarstel leit der noch net en de ynwenners fan Toppenhuzen sette har yn om it safier net komme te litten.

Se ha dêrom de Commissie Behoud Groene Buffer Oppenhuizen-Sneek oprjochte. In oantal politike partijen binne ek net foar in bestimmingsplanwiziging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)