Fargeul Makkum net djip genôch

Skipswerf De Vries hat grut belang by in djippe fargeul
Der is noch hieltyd net genôch jild om de fargeul Makkum-Koarnwertersân út te djipjen. Dat is fan libbensbelang foar de skipsbou yn Makkum, foaral foar Skipswerf De Vries. De kosten foar it útdjipjen binne twa miljoen en dêrfan is no 1,8 miljoen beskikber.
It Ryk wol jild jaan, mar seit ek dat oare oerheden meibetelje moatte. De provinsje jout ek trije ton, mar fynt ek dat Skipswerf De Vries meibetelje moat. As de finânsjes rûn binne, kin it wurk yn 'e hjerst begjinne.