Woodbrookers offisjeel útein

26 jan 2010 - 11:28

Behannelsintrum Woodbrookers yn Koartehimmen is tiisdei yn gebrûk naam. Woodbrookers fangt Fryske jongeren tusken de 12 en 18 op mei psychyske of gedrachsproblemen.

Oant no ta wie der foar dizze jongeren noch gjin behannelsintrum yn Fryslân. Faak kamen se yn jeugdfinzenissen telâne, mar dat mei sûnt twa jier net mear. Yn Woodbrookers is plak foar 64 jongeren, 32 fan har kinne terjochte op in iepen ôfdieling. De offisjele iepening is yn maaie of juny.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)