Ynfal by sauna Nijetrine

26 jan 2010 - 09:47
  • By de ynfal yn Nijetrine binne fjouwer minsken oanhâlden
  • De plysje tinkt dat der seksfeesten hâlden wurde

Yn Nijetrine hat de plysje en de gemeente Weststellingwerf in ynfal dien yn in sauna. De gemeente hie ynformaasje dat bûten de fergunning om der fan alles gebeurde yn de sauna. Sa soene der seksfeesten organisearre wurde. De plysje hie tips krigen dat der winkeldieven yn de sauna sieten.

Op it momint fan de ynfal wiene der 60 minsken yn it bedriuw, fjouwer waarden oanhâlden. Trije Poalen op fertinking fan winkelstellerij yn Wolvegea. In oare man hie noch in boete iepenstean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)