Cambuur-Zwolle giet troch

30 mrt 2012 - 22:12
  • SC Cambuur

De fuotbalwedstriid Cambuur-Zwolle giet snein gewoan troch. Dat hat de rjochter freedtejûn yn in koart pleit bepaald. De plysjebûnen wienen fan doel dan in cao-aksje te fieren, mar de rjochter hat dat ferbean.

Cambuur-Zwolle stiet te boek as in risikowedstriid, en boargemaster Crone fan Ljouwert fûn it te gefaarlik wurden as der snein net genôch plysjes ynsetber wienen. De rjochter naam dat argumint oer. De rjochter yn Zwolle helle tongersdei ek al in streek troch plysje-aksjes by in fuotbalwedstriid yn Deventer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)