Lyk spul froulju It Fean

25 jan 2010 - 22:02

De fuotbalfroulju fan Sportklup Hearrenfean kamen yn de útwedstriid tsjin FC Twente net fierder as in 1-1 lyk spul. Sylvia Smit iepene yn de 35ste minút de skoare foar de Feansters. Krekt foar it skoft makke Suzanne de Kort de lykmakker. Yn in kâlde twadde helte soe de 1-1 stân net mear feroarje.

Sportklup Hearrenfean bliuwt lêste mei mar seis punten út tsien wedstriden. Twente is foarlêste mei trettjin út tsien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)