Aquatrain stap tichterby

25 jan 2010 - 20:43

De technyske universiteit Twente helpt by de ûntwikkeling fan de aquatrain. Dy trein is ûntwikkele troch de Ljouwerter yngenieur Bearnd Hylkema en glydt oer wetter mei help fan it prinsipe fan akwaplaning. Troch subsdyzje fan ûnder oare it Ryk en de gearwurking mei de TU kin it projekt better úttocht en ûntwikkele wurde.

Neffens de projektdirekteur fan Aquatrain komt it projekt sa yn in stream-fersnelling, en is it echt ride litten fan de trein in stap tichterby.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)