Frysk molkskiepperas bedrige

25 jan 2010 - 20:39

It seldsume Fryske molkskiepperas rint gefaar fanwege de Q-koarts. Yn de provinsje Flevolân binne ôfrûne sneon 150 drachtige skiep deamakke omdat ien of meardere bisten siik wienen. Hoefolle krekt is net bekend omdat de sykte fia it molktankûndersyk ûntdekt is.

Lykas it Fryske ras is ek it Sieuske molkskiepperas unyk yn de wrâld. Yn Fryslân binne seis bedriuwen dy't Fryske en Sieuske skiep melke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)