Balkenende nei Ljouwert

Premier Balkenende by in eardere besite oan Ljouwert
Minister presidint Jan Peter Balkenende komt op 27 febrewaris nei Ljouwert. Hy docht dat foar de kampanje fan it CDA foar de gemeenteriedferkiezings op 3 maart. De komst fan Balkenende is moandeitejûn bekend makke op de provinsjale byienkomst fan it CDA foar de ferkiezings.
Derby wie ek minister fan Ekonomyske Saken Maria van der Hoeven te gast. Op de byienkomst waard ûnder oaren praat oer ynnovaasje yn Ljouwert.