Frou bestellen fan tas
Yn Harns is tongersdeitemiddei in frou fan har tas bestellen doe't se mei har fyts fallen wie. De 40-jierrige frou ried op de Achlumerdyk doe't se ûnderút gie. Op dat momint passearre krekt in bromfytser, dy't de tas fan de frou pakte en útnaaide. It giet om in swarte learen rêchtas fan it merk G-Star. De Harnzer frou hat oanjefte dien.