Provinsje stelt farferbod yn

25 jan 2010 - 17:16
  • It farferbod jildt net foar de grutte kanalen

De provinsje hat fan tiisdeitenacht 12 oere ôf op ferskate plakken wer in farferbod ynsteld. It ferbod jildt foar alle farwegen yn Fryslân útsein tal fan grutte farwegen.

Dat binne it Prinses Margrietkanaal, it Van Harinxmakanaal, de eastlike en westlike ynfeart fan Ljouwert,it ferbiningskanaal fan it Van Harinxmakanaal nei de Yndustrybrêge yn Harns, de Houkesleat oant en mei de yndustryhavens, de farwei nei It Hearrenfean en de Dokkumer Ie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)