Cambuur rekket 6 punten kwyt

Haarlem makket de kompetysje net ôf
SC Cambuur rekket seis punten kwyt troch it fallisemint fan HFC Haarlem. Hjirtroch sakje de Ljouwerters fan it twadde nei it tredde plak mei in totaal fan 43 punten. De achterstân op koprinner De Graafschap rint op fan ien oant fjouwer punten.
Cambuur sakket omdat De Graafschap en nûmer trije Go Ahead noch mar ien kear tsjin Haarlem spile hawwe. Cambuur die dat al twa kear. In grut ferskil makket it net. De Ljouwerters hawwe no in wedstriid minder spile.