Sulveren kamera foar Kessler

25 jan 2010 - 15:36

Fotograaf Dolph Kessler fan Oentsjerk hat yn Den Haach in earste priis wûn yn de prestisjeuze fotowedstriid De Zilveren Camera. De priiswinnende foto's makke reis- en dokumintêr fotograaf Kessler op wichtige keunstbeurzen yn Basel, Paris, Madrid en Amsterdam.

Kessler krijt benammen wurdearring omdat de minsken dy't hy fotografearre hat ûnbewust in iroanysk kommintaar leverje op de keunst dêr't se by op de foto steane.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)