Oerol New York 3 ton te djoer

25 jan 2010 - 15:34

It New Island Festival yn New York hat oardel miljoen euro koste, 3 ton mear as begrutte. It lokaasjeteater fan Oerol-direkteur Joop Mulder op Governors Island by New York wie ûnderdiel fan it 400-jierrich bestean fan de stêd en luts mear as 25.000 besikers.

Dochs bliuwt de organisaasje net mei in skuld sitten. It tekoart wurdt oanfold troch de oerheid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)