Ferlet fan mear fûgelasyls

In jonge goudûle yn de Fûgelhelling
De Fûgelhelling hat ferlet fan mear fûgelasyls yn Noard-Nederlân. Dat is nedich omdat it sintrum yn Oerterp hieltyd mear fûgels en oare bisten opheint en fersoarget. Ferline jier waard der in rekôr tal fan 4500 bisten binnen brocht, wêrfan 2700 fûgels.
De frijwilligers kinne de drokte oan, mar de rop om mear asyls is grut. Der binne yn Grinslân, Oerisel en Drinte partikulieren dy't wol in fûgelopfang opsette wolle. De Fûgelhelling wol dizze inisjativen stypje.