LC moandei stik letter

25 jan 2010 - 14:21

As gefolch fan in technyske steuring wurdt de Ljouwerter Krante hjoed ien à oardel oere letter besoarge. Neffens in wurdfierder is der in steuring op de printôfdieling. Mooglik hat dat te krijen mei it feit dat moandei foar it earst it Dagblad van het Noorden yn Ljouwert printe is. It giet dan om goed 150.000 eksimplaren.

De drukkerij yn Grins giet ticht. Foaral abonnees yn it bûtengebiet krije de Ljouwerter Krante moandei letter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)