Gjin boustop ôffaloven Harns

25 jan 2010 - 14:12

Omrin mei foarearst trochgean mei de bou fan de reststoffe-enerzjysintrale yn Harns. Dat hat de rjochtbank moandei bekend makke. Dy bûgde him oer de bou fan de sintrale yn in koart pleit dat de stichting Afvaloven Nee oanspand hie. De stichting fynt dat de bou net trochgean mei no't de Raad van State de miljeufergunning fan de sintrale ferneatige hat.

De rjochter fynt dat trochboud wurde mei omdat de kâns grut is dat der wol in goeie miljeufergunning komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)