Bob de Vries net nei Vancouver

25 jan 2010 - 12:25
  • Bob de Vries yn aksje op it OKT (foto: Martin de Jong)

Bob de Vries fan De Haule giet net nei de Olympyske Spelen yn it Kanadeeske Vancouver. De reedrider wist him moandei op it twadde Olympyske kwalifikaasjetoernoai net te pleatsen foar de 5.000 meter. Mei in tiid fan 6.43,08 bleau hy fier efter op de nûmer ien, Jan Blokhuijsen.

Dy wûn de striid om it Olympyske startbewiis mei in tiid 6.26,81. Yn Vancouver komme njonken Jan Blokhuijsen ek Sven Kramer en Olympysk kampioen Bob de Jong oan de start.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)