Plysje snipt dronken autorider

In 30-jierrige automobilist fan Jirnsum is sneintenacht syn rydbewiis kwyt rekke. Op de Foarstreek yn Ljouwert seach de plysje dat de man syn auto folslein op 'e stoepe parkearde. De plysje spruts de man oan op syn parkeargedrach doe't hy fuortride woe.
Omdat de man mei dûbele tonge prate, moast hy blaze op it plysjeburo. Dat levere neist it kwytreitsjen fan it rydbewiis ek in rydferbod fan acht oeren op.