Twadde fertochte Koudum frij

25 jan 2010 - 10:48

Ek de twadde man dy't oppakt waard foar syn rol by it fjoerwurkynsidint yn Koudum is frijlitten. It giet om in man (23) út Harich. Hy is noch wol fertochte yn de saak. De plysje is hast klear mei it ûndersyk. Nije wike beslút justysje oft de man út Harich ferfolge wurdt. De oare man dy't oppakt wie is earder frijlitten om't hy neat mei de saak te krijen hie.

By it ynsidint op 2 jannewaris by De Klink ferlear yn 16-jierrich famke it ljocht yn har rjochtereach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)