Polyprofiel Drachten fallyt

25 jan 2010 - 10:23

It bedriuw Polyprofiel út Drachten hat it fallisemint oanfrege by de rjochtbank. As dy it fallisemint ek echt útsprekt dan ferlieze goed 70 minsken harren baan.

Polyprofiel is in grutte produsint fan keunststof kezinen en troch de finansjele krisis seach it bedriuw it tal opdrachten it ôfrûne jier bot weromrinnen. Dêrtroch slagget it de direksje net langer om it bedriuw oerein te hâlden. De kâns op in trochstart fan Polyprofiel is grut.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)