Strjitlantearnen noch net út

25 jan 2010 - 10:21

De strjitferljochting yn Ljouwert baarnt noch altyd dei en nacht. Netwurkbehearder Enexis soe freed apparatuer út Frankryk krije om de ferljochting wer goed funksjonearje te litten, mar dy apparatuer is net kaam. Enexis nimt no kontakt op mei Frankryk om te hearren oft it wol opstjoerd is.

Yn in tal wiken yn Ljouwert baarnt de strjitferljochting al hast twa wiken lang dei en nacht. As Enexis de apparatuer fanút Frankryk binnen hat wurdt dy fuortendaliks ynstallearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)