Friezen winne Arctic Challenge

De grutske winners fan 'e Arctic Challenge
In Frysk team hat de racewedstryd Arctic Challenge wûn. Dat is in autorally fan hast 7000 kilometer troch Skandinavië. It team fan Autoshop Wassenaar út Ljouwert wie fan alle 55 dielnimmende teams it rapst.
It team bestiet út Danny Geurtsen en syn skoanheit Bonny Tenten. Se kamen ôfrûne sneon as earste oer de finish. Geurtsen en Tenten diene foar de twadde kear mei oan de rally.