Oaljeflek yn haven Harns

© Omrop Fryslân
Yn de fiskerijhaven fan Harns is sneintemiddei in grutte oaljeflek fûn troch de wetterplysje. It gie om in plak fan 300 meter lang by 40 meter breed. De fersmoarging is nei alle gedachten feroarsake troch in bûtenlânsk fiskersskip.
De wetterplysje hat meunsters naam fan de oalje yn it wetter en oan board fan it skip. Dy wurde mei-inoar fergelike. Oer twa wiken wurdt dúdlik oft de bemanning fan it skip ferantwurdlik is foar it loazen fan de oalje.