Kramer fjirde op Lanzarote

24 jan 2010 - 17:46
  • Mariska Kramer (argyffoto)

Mariska_Kramer fan Drachten hat it goed dien op Lanzarote. Dêr waard in ynternasjonale duatlon hâlden. De dielnimmers moasten 5 kilometer hurddrave, 20 kilometer fytse en dêrnei wer 2,5 kilometer hurddrave. By it fytsen moast Kramer ôfheakje, mar by it draven makke se in soad goed. Se einige as fjirde yn 1.04.04.

Winner op it Kanaryske eilân wie Yvonne van Vlerken. It wie al de fjirde kear dat se dizze wedstriid wûn. Har winnende tiid wie 1.02.17.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)