Defibrilator op ôfstân

24 jan 2010 - 16:09

Minsken mei in defribilator op it hert hoege tenei net mear fjouwer kear yn it jier nei it sikehûs foar kontrôle. It MCL yn Ljouwert hat nije defribilatoaren dy't fan ôfstân kontrolearre wurde kinne. Foar pasjinten fan fier is dat in útkomst.

Doktoaren kinne de pasjinten sa better yn de gaten hâlde. It sikehûs hat ûndersyk dien om der wis fan te wêzen dat de gegevens net yn ferkearde hannen komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)