Bus botst op lantearnepeal

24 jan 2010 - 14:12

In bus fan Connexxion is sneontejûn op it Zuiderplein yn Ljouwert tsjin in lantearnepeal botst. Troch de klap rekke de foarkant fan de bus swier beskeadige en it foarrút wie stikken. In tal passazjiers rekke licht ferwûne oan each en mûle. De sjauffeur kaam mei de skrik frij. In oare bus hat de rit nei Dokkum oernommen. De bus is fuortsleept. It is net dúdlik wat de botsing feroarsake hat. De peal is flink beskeadige.

De plysje hat it ferkear tydlik omlaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)